1191492744
Gabrielle en Arjan bedoele it net ferkeard

Advertise on podcast: Gabrielle en Arjan bedoele it net ferkeard

Categories
Country
United States
This podcast has
56 episodes
Language
Dutch
Explicit
No
Date created
2017/01/03
Latest episode
2026/07/09
Average duration
57 min.
Release period
35 days

Description

Gabrielle en Arjan begunen harren podcast yn it neijier fan 2021 by Omrop Fryslan. Beiden hawwe in leafde foar de Fryske muzykkultuer, poëzij en films en fertelle hjir graach alles oer. Njonken dat se sljocht binne op dizze ûnderwerpen meitsje se sels ek gedichten, sa wie Arjan stedsdichter fan Ljouwert en is hy no Walddichter fan de gemeente Achtkarspelen en wie Gabrielle festivaldichter op it zingevingsfestival en is se oprjochter en dichter by Pauper Poezie. Om 't Gabrielle en Arjan wurkje fanut harsels fine se it ek nijsgjirrich om sa de podcast te foljen, fanut eigen underfining prate se oer de kultuer dy 't se dy wike meikrigen hawwe en om de belibbing te fersterkjen komt der in gast koart fertellen oer syn optreden / boek / gedicht of film. Sa meitsje se de ranekultuer, lykas de metalscene, yn Fryslan mear sichtber en tagonkliker. De podcast is easy-listening, as sitst mei dyn kulturele freonen yn de kroech en falt der in soad te laitsjen, omdat Gabrielle en Arjan ek fertelle oer har eigen libben, har swierrichheden en harren flaters. De podcast hat in skoft op skoft stien mar is fan no of wer om de wike te beharkjen fia Spotify en Apple podcasts

Unlock Gabrielle en Arjan bedoele it net ferkeard podcast Email contact info,
Listeners & Audience details

Email contact information

Direct podcast contact details

Listeners

Audience numbers & engagement insights

Audience details

Podcast Insights

Social media

Check Gabrielle en Arjan bedoele it net ferkeard social media presence


Podcast episodes

Check latest episodes from Gabrielle en Arjan bedoele it net ferkeard podcast


De grutte shift
2026/07/09
Driuwt ús podcast hielendal rjochting sport en polityk of kinne we der noch wat kultureels fan meitsje? Arjan trof Gabrielle mei in aaiwytshake by de podcast wylst er sels ek aardich beswit fan syn eigen moarns-rûtine oankaam. Wy freegje ús ôf oft de skriuwersfakskoalle opdoekt wurde kin en hawwe it oer de films dy't wy seagen. Hein Jaap Hilarides komt moarn mei in nij boek dy't presintearre wurdt yn Frjentsjer en Arjan dielt in resept foar iiskofje. Wa wint de Giele Grouwe Riger? Wy betinke alfêst wat aardige plots, wat soe der barre as Facebookboomers weromgean nei de tiid dêr't se sa lyrysk oer binne?
Metallica en Mata Hari
2026/06/15
Arjan hier hast in tattoo! en Gabrielle gie nei Pitfest, dêr't it der wyld oan ta gie, hast as by de burenruzie yn Burgum. Wy steane stil by it ferstjerren fan Lieke Marsman, en Arjan draacht in oerset gedicht fan har foar. Gabrielle lêst Yesteryear fan Caro Claire Burke en is entûsjast en Arjan fytste nei Boksum om in boek fan Ulbe van Houten te lêzen. Wa hat de Gjalp wûn en wa de Rely?Hoe dan ek, doch mei oan de Slam! Gabrielle fertelt oer har boektour yn Dokkum dizze wike. Arjan giet op deselde dei dichtsje mei dûnsers. It lêste wykein fan juny wurdt drok: 25 juny: Fryske Slam 26 juny: Rink van der Velde. 27 juny: Diele fan it Waad. 28 juny: de boekpresintaasje fan Yeeha. Muzyk fan Bethlehem en fan Metallica. Proaza fan Beatriz Serrano
Romantysk-Apokalyptyske Sportcast
2026/05/14
In soad sport en muzyk dizze ôflevering, al begûn it goed mei in gedicht fan Pieter Zijlstra út de nijste Ensafh. Dêrnei gong it rap oer ús sportprestaasjes, sa fytste Gabrielle de Alvemarretocht en rûn Arjan Loop Ljouwert. Ek âlde media komme foarby, Gabrielle kocht in soad nije cd's út har eigen tiid en Arjan praat oer syn discman, hokker cd's hy harket en wat foar muzyk hy seach op 5 maaie. Gabrielle en Arjan stelle harsels de fraach wêr't se mentaal no eins binne en prate ek noch ffkes oer harren kommende boektours en eksposysjes. It wurdt in bytsje meta as de koptelefoan fan Arjan útfalt en der is ek noch proaza fan Hiroko Oyamada en muzyk fan De Kraaien.
neaken
2026/04/21
Gabrielle fytste in fytstocht mei museum martena, it wie recorstoreday, wat foar platen kochten wy? Arjan gong nei de earste Dada optocht. Project Hail Mary, Obe Postma en Slauerhof
Foarjier
2026/04/07
Peaske is foarby, tiid om noch efkes nei te genietsjen mei dizze podcast fol foarjierspoëzij fan ûnder oaren Tryntsje van der Steege en it boek In hazze yn ’e hûs. Arjan gie sûnder tarieding nei in workshop op it Marne College yn Boalsert en ferlear dêr de bondel fan Tjeerd Bruinja. Gabrielle gie nei in wetterdiner yn it Woudagemaal en iet dêr hiel bysûnder, mar foar Arjan klinkt it as in nachtmerje. Wy hawwe it oer moard, deaslach en Havank en seagen ek films. By in besite oan Slieker gie it alarm fan it Frysk Museum ôf. Ek mei in leuk pauzemuzykje fan Mayte en poëzij fan Vasi Birchwood.
Hege Piken, Djippe Dalen
2026/03/04
Gabrielle wurket aanst net mear by Van der Velde, mar giet wol nei de ynternasjonale boekebeurs. Arjan betocht hiele goeie ideeën ûnder de dûs en draacht in gedicht foar dêr’t syn foardraach-ynspiraasjeboarne dúdlik yn nei foaren komt. It is moai waar mar hoe nimst eins it measte fitamine D op? Gabrielle en Arjan seagen de film Sirat en beprate ek oare kânshawwers foar de Oscars. Se dogge in foarsizzing: wa sil der mei de priis nei hûs gean? Se draaie muzyk gan It Dockumer Lokaeltsje en fan Mayte en lêze poëzij fan Niek de Vries en Rients Gratama.
Fryske Nepo-Babys & Mear Mayhem
2026/02/06
De Poëzieweek is foarby, mar Gabrielle en Arjan sjogge noch efkes werom. Sa droegen se foar yn in snie-eftich, pitoresk Harns, hie Gabrielle in literêr etentsje en gie Arjan nei Balk. Ek wiene se by de Grutte Gedichtejûn, mei 33 dichters en Mayte. Arjan ferdjippet him yn in boek oer JFK en Gabrielle sjocht in protte films. Fierder giet it oer Fryske nepo-baby’s, skriuwersbiografyen, de nije stedsdichter fan Grins en oer metal. Gabrielle is nammentlik ûnderweis nei Mayhem.
paranormale saken
2026/01/07
Wy hearre bernestimmen troch de podcastmikrofoan, mar der is gjin bern te sjen. Arjan hat wolris in geast sjoen, yn Gordyk wurde UFO’s spot en Gabrielle hat in ferflokt boek by har. Hoe rint dit ôf? Arjan makket wat heftichs mei yn ’e bus, Gabrielle glydt hast fan ’e dyk yn in Dútske sniestoarm op ’e Autobahn , mar ûntdekt dêr wól nije muzyk! Ek prate wy oer Slacker, de films fan Anders Thomas Jensen, poëzij fan Piter Boersma, filtkeunst fan Aafje Brouwer én: wat hawwe wy allegear lêzen yn ’e fakânsje?
jieroersjoch
2025/12/17
Wy binne werom mei in jieroersjoch oan'e hân fan jierlistjes. Wat binne ús favorite films, muzyk, boeken en live-optredens fan it jier?
In Dei Tenein
2025/11/26
tbc
Dêr binne wy wer
2025/10/08
It is in hiel skoft lyn dat de podcast der wie. Mayte wûn Liet, Elmar de Gysbert en Gabrielle en Arjan wiene yn Snits.
Witst noch
2025/07/03
Gabrielle en Arjan hawwe de ôfrûne tiid in soad optreden en presintearre. Se stean stil by de Fryske Slam, Diele fan it Waad en PlayGround yn Harns. Se diene ek aardige dingen, Gabrielle liet in tattoo sette op de tattoo konvinsje yn Grins en Arjan gong nei Alexander Moto yn Neushoorn. Wy hawwe it oer pimel protezes yn films en lêze wer stikjes út ferhalen en poëzy. Uo fan Meindert Talma, Obe Postma en Jitte Siksma
Fan Lyts Gelok nei Grut Geweld
2025/06/01
Gabrielle lêst in ferhaal fan Tsead Bruinja foar oer sterilisaasje, dat se hearde by Dichter op de Deel as ûnderdiel fan Lyts Gelok. Arjan fertelt oer syn eigen ûnderfiningen mei sterilisaasje. Hy tocht efkes dat er in wolf seach, mar it wie ús spesjale gast Spock. Wat draait der yn it filmhûs? Gabrielle jout tips. Arjan fertelt oer syn skoalreüny. Arjan lêst in metalgedicht foar en in stikje út Jelle en juf fan Mirjam van Houten, winner fan de Simke Kloostermanpriis.
Wittenskippers binne skokt troch dit feit
2025/05/01
🎙️ Wittenskippers binne skokt: Gabrielle en Arjan meitsje wer in podcast! Gabrielle is klear mei har manuskript en giet nei de skriuwersarke, wylst Arjan bliid is dat hy der net hinne hoecht. Arjan wurket no faak mei Marrit Jellema, dy’t ek krekt har manuskript ôf hat. Wat dochst eins as in manuskript klear is? Arjan mocht foar €100 oan boeken keapje en die dat ek: fan Oroppa fan Saffae el Khannoussi (wer Gabrielle in stikje út foarlêst) oant Kappelekensbaan fan Louis Paul Boon. Hy liet 80.000 minsken yn in stêd fan Piter Terpstra leaver lizze — te modern-literêr nei syn sin. Gabrielle wurdt in bytsje ûngemaklik fan it kriebelvisje yn Gezinsverbijstering fan Meindert Talma. Underwilens begjint Lyts Gelok hast En wy stelle de fraach: bin wy yntrovert? Margriet Poortstra wist it al yn 1985.
Taal en missende wurden
2025/03/17
Krekt doe't Ilse Vos te gast wie, dy't sels it podcasten leare woe, is ús opname skansearre rekke! Wy hawwe de helte rêde kinnen, sa hearst in fragmint fan Ilse har gedicht oer taal, dy't har tinken docht oan nutemiks en in part fan in gedicht fan Arjan yn de bus. Ek hearst oer Marokko, Lettertreffen en it nije prosint fan útjouwerij Frysk en Frij.

Podcast reviews

Read Gabrielle en Arjan bedoele it net ferkeard podcast reviews


0 out of 5
0 reviews

Podcast sponsorship advertising

Start advertising on Gabrielle en Arjan bedoele it net ferkeard relevant audience podcasts


What do you want to promote?