1513535337
Fryslân DOK, ferhalen fan it flakke lân

Advertise on podcast: Fryslân DOK, ferhalen fan it flakke lân

This podcast has
44 episodes
Language
Dutch
Explicit
No
Date created
2020/05/15
Latest episode
2022/03/11
Average duration
51 min.
Release period
10 days

Description

Ferhalen dy't derta dogge, dy't oansette ta neitinken én ferbinings lizze tusken minsken yn en bûten Fryslân.

Unlock Fryslân DOK, ferhalen fan it flakke lân podcast Email contact info,
Listeners & Audience details

Email contact information

Direct podcast contact details

Listeners

Audience numbers & engagement insights

Audience details

Podcast Insights

Podcast episodes

Check latest episodes from Fryslân DOK, ferhalen fan it flakke lân podcast


De ûntdekking fan Fryslân 5: Is this Friesland?
2022/03/11
'De ûntdekking fan Fryslân' giet oer de fraach wêrom't, hoe't en wêr't Friezen sykje nei har eigen identiteit. Bert Looper en Bart Kingma reizgje lâns plakken út de Fryske skiednis. It lêste diel, diel 5, hat as titel in fraach krigen: 'Is this Friesland?' De wrâld feroaret, kultuer is yn beweging. Wat is der te sizzen oer de identiteit fan it Fryslân fan no? Looper begjint yn it Fries Film Archief en komt dan by de fontein fan Jaume Plensa yn Ljouwert, dy't symboal stiet foar 'beweging'.  Sjoch ek nei de FryslânDOK 'De ûntdekking fan Fryslân' út 2021 (diel 1 en diel 2). 
De ûntdekking fan Fryslân 4: In rurale idylle
2022/03/11
'De ûntdekking fan Fryslân' giet oer de fraach wêrom't, hoe't en wêr't Friezen sykje nei har eigen identiteit. Bert Looper en Bart Kingma reizgje lâns plakken út de Fryske skiednis. Diel 4 hjit: 'In rurale idylle'. Skiednis, taal en lânskip klinke yn de gedichten fan Gysbert Japicx en binne optekene yn de atlassen fan Schotanus. Oan de ein fan de 19e iuw drage de earste tydskriften by oan de romantyske ideeën oer it Fryske plattelân. Sjoch ek nei de FryslânDOK 'De ûntdekking fan Fryslân' út 2021 (diel 1 en diel 2).
De ûntdekking fan Fryslân 3: De ein fan de beskaving
2022/03/11
'De ûntdekking fan Fryslân' giet oer de fraach wêrom't, hoe't en wêr't Friezen sykje nei har eigen identiteit. Bert Looper en Bart Kingma reizgje lâns plakken út de Fryske skiednis. Diel 3: 'De ein fan de beskaving' fiert nei de universiteit fan Frjentsjer en nei De Gordyk, dêr't it giet oer de ekonomyske ûntwikkeling fan súdeast-Fryslân. Sjoch ek nei de FryslânDOK 'De ûntdekking fan Fryslân' út 2021 (diel 1 en diel 2).
De ûntdekking fan Fryslân 2: It alter fan de frijheid
2022/03/11
'De ûntdekking fan Fryslân' giet oer de fraach wêrom't, hoe't en wêr't Friezen sykje nei har eigen identiteit. Bert Looper en Bart Kingma reizgje lâns plakken út de Fryske skiednis. Diel 2: 'It alter fan de frijheid' giet oer de Upstallbeam yn Dútslân en de midsiuwske fresko's yn it tsjerkje fan Westerwijtwerd.  Sjoch ek nei de FryslânDOK 'De ûntdekking fan Fryslân' út 2021 (diel 1 en diel 2).
De ûntdekking fan Fryslân 1: de ferbylding oan 'e macht
2022/03/11
'De ûntdekking fan Fryslân' giet oer de fraach wêrom't, hoe't en wêr't Friezen sykje nei har eigen identiteit. Bert Looper en Bart Kingma reizgje lâns plakken út de Fryske skiednis. Diel 1 'De ferbylding oan de macht' begjint by it Paleis fan Justysje yn Ljouwert op 16 novimber 1951: Kneppelfreed. Sjoch ek nei de FryslânDOK 'De ûntdekking fan Fryslân' út 2021 (diel 1 en diel 2).
De lange azem - spesjalisten oer Long COVID
2022/01/25
Long COVID is in nije sykte. Sa'n 10 prosint fan de minsken dy't besmet west hawwe mei it coronavirus, hâldt lang klachten. As dy langer as trije moannen oanhâlde, sprekke we fan Long COVID. It ûndersyk nei dizze sykte is noch mar krekt fan start. Yntusken wrakselje pasjinten mei de erkenning en de ûndúdlikens fan dizze sykte. Longarts Jolanda Kuijvenhoven en fysioterapeut Afien Wybenga diele ynformaasje oer dizze sykte en de behanneling dêrfan. Dizze podcast heart by de FryslânDOK TV-dokumintêre: 'De lange azem - libje mei Long COVID': https://www.omropfryslan.nl/utstjoering/fryslandok-fan-30-jannewaris-2022-1700 www.herstelnacovid.nl www.c-support.nu www.longfonds.nl
Wy & Dy 7: Marianne Klijnstra
2021/11/22
As lytse poppe fan seis wike âld gong Marianne Klijnstra mei it fleantúch fan Sri Lanka nei Fryslân. Se waard grutbrocht troch har Fryske adopsje-âlders, op in pleats, tusken fee en greiden, yn de Fryske taal en kultuer dy't se folslein omearme hat. Ynterviewer Hielke van Duuren freget har: Wat gebeurt der mei dyn identiteit, asto fan it begjin ôf yn in oare kultuer opgroeist, as dêr'st berne bist? Dy taal is wichtich, seit Marianne, dat makket dat se folslein akseptearre wurdt yn Fryslân. Mar dêr skjirret it ek. Want hoe soe it wêze as se gjin Frysk prate? Soe har hûdskleur en achtergrûn dan in oar effekt hawwe op oare minsken? Prate mei Marianne Klijnstra is, sa ûnderfynt Hielke, foaral prate mei dysels: hoe iepen stean ík eins tsjinoer oare minsken?
Wy & Dy 6: Harm Edens
2021/11/22
Telefyzjepresintator en comedyskriuwer Harm Edens wennet oan de Aldebiltdyk. Hy hat in bining mei Fryslân, mar mear as taskôger, as as dielnimmer. Hy praat mei de Friezen, sjocht se yn har deistich bestean. In man dy't oeral de humor fan ynsjocht sil de komyske kant fan de Friezen sjen. Mar ek wêr't se serieus te nimmen binne. Harm Edens is ommers sels in jonge út de regio: hy groeide op yn Twinte en is in soan fan âlders út Grinslân. Hielke van Duuren giet mei Edens yn gesprek. Wêrom lûkt it plattelân, de provinsje him? En wat is syn eigen syktocht nei identiteit?
Wy & Dy 5: Tjits van der Wal
2021/11/22
Tjits van der Wal is teätermakker en sjongeres. Foar Omrop Fryslân makket sy flochs oer har gesinslibben mei man en twa bern yn Broeksterwâld. Dat liket hiel gewoan op it earste gesicht: in mem dy't bern nei skoalle bringt, harren foarlêst en ferskes sjongt. Mar wat opfalt, is de kulturele befleinens dêr't se har bern yn it Frysk mei grutbringt. Ek as teätermakker is sy altyd yn it Frysk dwaande. Foar har is dat sa wichtich, dat se 'der pikefel fan krijt'. Wêrom sit dy emoasje by Tjits sa heech, as it oer har en Fryslân giet? 
Wy & Dy 4: Mirka Antolovic
2021/11/22
Mirka is berne yn it eardere Joegoslavië. Op 'e flecht foar de oarloch yn de jierren tachtich kaam sy mei har mem yn Nederlân telâne. As jong famke hat sy hiel wat trochstien. Har bertegrûn, har freonen en famylje moast sy achterlitte, en yn it nije lân moast sy in nije taal leare, har oanpasse en har opnij ferbine mei oare minsken. No is Mirka Antolovic direkteur fan anty-diskriminaasjeburo Tûmba en sit se yn de ried fan Ljouwert foar de PvdA. Hielke van Duuren freget Mirka hoe't har skiednis har foarme hat, en wat Fryslân en syn ynwenners foar har betsjut. 
Wy & Dy 3: Seye Herke Brinkman
2021/11/22
Seye Herke Brinkman waard bekend as ien fan de blokkearfriezen. Op syn eigen wize, kompleet mei eksintrike outfit, sprekt hy him graach út tsjin bemuoienis fan de Rânestêd. Brinkman omearmet it âlde, sa't de dingen eartiids wiene. En alles dat Frysk is, hat by him in streekje foar - hy praat graach yn de 'wy-foarm' as it oer himsels en Fryslân giet, want 'de Friezen' en hy, dat is ien. Hielke van Duuren giet mei him yn petear oer syn ideeën. Wêrom fynt Brinkman Fryslân sa belangryk? En is der ek in kearside as jo jo sa fêstklampe oan ien plak en ien identiteit?
Wy & Dy 2: Joana Duarte
2021/11/22
Joana Duarte komt út Portugal en wennet no al jierren yn Fryslân. Sy sprekt njonken it Frysk nóch acht talen. Joana is bysûnder heechlearaar meartaligens en wrâldboargerskip, is lektor oan NHL Stenden en jout les op de RUG yn Grins. Se komt dus in protte ferskillende minsken tsjin. Diversiteit is belangryk foar har. Se set har dêrfoar yn, foar gelikense kânsen, foar taal en in brede kulturele oriïntaasje. Sy tinkt 'global'. Troch har grutte talekennis kin se har ferbine mei de rest fan de wrâld. Hielke van Duuren freget har oft jo én wrâldboarger wêze kinne én tagelyk ferbûn wêze kinne mei in thús. Jout dat gjin spanning? 

Podcast reviews

Read Fryslân DOK, ferhalen fan it flakke lân podcast reviews


0 out of 5
0 reviews

Podcast sponsorship advertising

Start advertising on Fryslân DOK, ferhalen fan it flakke lân relevant audience podcasts


What do you want to promote?