
Advertise on podcast: PietCast
This podcast has
31 episodes
Language
DutchPublisher
Omrop FryslânExplicit
No
Date created
2017/03/14
Latest episode
2021/11/30
Average duration
15 min.
Release period
75 days
Description
It waar, ien fan de ûnderwerpen dêr’t it measte oer praat wurdt. Foar de minsken dy’t ynteressearre binne yn mear as allinne de foarsizzing foar de kommende dagen, is der de PietCast. In podcast mei waarman Piet Paulusma. Tsien kear yn it jier dûkt presintator Wim Brons tegearre mei Piet djipper it waar yn. Hoe komt Piet oan syn ynformaasje? Krije we ea noch in alvestêdetocht? Hoe tinkt Piet oer de opwaarming fan de ierde? Allegear ûnderwerpen dy’t oan ‘e oarder komme kinne yn dizze podcast. Reaksje of fraach? Graach! We komme derop werom. Maile kin nei Wim Brons. De PietCast fynst yn dyn podcastapp en op Spotify.
Unlock PietCast podcast Email contact info,
Listeners & Audience details
Email contact information
Direct podcast contact details

Listeners
Audience numbers & engagement insights

Audience details
Podcast Insights

Podcast episodes
Check latest episodes from PietCast podcast
Even trochprate oer de kommende winter(foarsizzing) (#31)
2021/11/30
Piet hat syn foarsizzing foar takom winter bekend makke. Wim nimt it troch mei ús waarman: op syn minst in wike op natueriis en fierder net sa stabyl... Fierder hat Piet syn hûs yn Harns te keap en ek dêroer giet it in momintsje yn dit lytse kertier waarpraat online. Set 'm op en stay tuned!
Op de pier yn Harns oer COP26, oer it klimaat dus. En oer it waar fan no (#30)
2021/11/05
Op de pier yn Harns oer COP26, oer it klimaat dus. En oer it waar fan no (#30) Nou ja, Piet en Wim litte harren wat ôfliede troch it plak fan de âlde misthoarn fan Harns en troch it radioljochtskip Jenni Baynton yn de Willemshaven, mar it grutste part fan dizze PietCast giet dochs écht, sa't it heart, oer it waar! Piet hat syn twivels oer of it slagje sil de CO2 útstjit te ferleegjen. Fansels hawwe we it dêroer fanwege de miljeutop dy't dizze dagen holden wurdt yn Glasgow. Dat dêr al ôfsprutsen is de ûntbossing tsjin te gean fynt Piet wichtig. Fierder hawwe Piet en Wim it koart oer de winter en oer it waar fan dizze wike. Wér in kertierke legedruk waarpraat op ynternet! Stay tuned, hjir, yn Spotify en yn oare podcast apps en oars op YouTube, want der is ek fideo by dit petear:
Indian summer, 25 jier TV en mear (#29)
2021/09/09
Piet & Wim besprekke rinnend yn de Ingelske Tún yn Harns de simmer, dy't no sa'n bytsje achter ús leit. Ha gjin noed: ek at it waar alwer minder is kinst dit praatsje noch goed hawwe hear! It giet ék oer Piet's 25 jierren lanlike telefyzje, oer Piet's nije skuorkalinder (ja, écht) en fansels foarsichtich oer de kommende hjerst. In goeie tsien menúten lege druk waarpraat op ynternet, moai das't wer even mei hearst. By dizze podcast is ek in fideo op ús YouTube kanaal:
Simmer 2021! PietCast #28
2021/06/01
Piet Paulusma mei syn foarsizzing foar dizze simmer yn de nije PietCast. It giet knap dizze dagen, dus we krije der nocht oan. Mar hoe komt it fan 't simmer? Wat is der no al oer te sizzen? Wim Brons freget it oan ús waarman. En wat is der mear te rêden? In skeurkalinder! Piet komt mei syn eigen kalinder. Nou, der hawwe we it ek even oer. Set 'm op! En foar noch mear aardichheid, besjoch de 360 graden fideo by dizze podcast op YouTube, opnaam yn de waarkeamer fan Piet.
1979 wurdt it net, toch Piet? (#27)
2021/02/04
Nije wike iis! Mar dat wurdt wol bobbeltsje iis tink Piet? Mei al dy snie en wyn earst.. Piet leit út dat it in útsûnderlike en bysûndere sitewaasje is en yn dizze podcast giet it oer alle aspekten fan dy kommende winterwike. Stay tuned foar wer in lyts kertier lege-druk waarpraat op ynternet: de PietCast. Mei fansels ús waarman Piet Paulusma en presintator Wim Brons
Winter 2020/21: op natoeriis seit Piet! (#26)
2020/11/30
Yn dizze nije edysje fan de PietCast praat Wim mei Piet oer syn winterfoarsizzing: langer as twa dagen op natoeriis, mear winter as ferline jier! Ek kwakkelwaar en mooglik perioaden mei relatyf waarm waar. Hear yn dizze podcast de wiidweidiger útlis fan ús waarman Piet Paulusma oer syn blik op de kommende winter.
Wannear komme we ûnder de 10 graden? En hokker tellerke stiet der tsjin dy tiid op 35?? (#25)
2020/11/20
Yn dizze nije PietCast, de podcast mei waarman Piet Paulusma, sjogge Piet en presintator Wim Brons nei desimber, want dan wurdt it 10- en 35+ at it in bytsje mei sit. En fierder hawwe we it fansels oer it waar en de ekstremen fan dizze dagen en de lêste wiken. In goed kertier ûntspannen waarpraat en sa hawwe je samar in legedrukgebiet op ynternet. Kinne we wol brûke!
Simmer 2020 (#24)
2020/07/04
Piet Paulusma en Wim Brons sjogge elkoar wer ris even yn de eagen sûnt it begjin fan de corona krisis. We hawwe it wiidweidich oer drûchte en delslach, oer de kommende simmer, oer Piet's aktiviteiten by Max en ek noch even oer de corona. Al moat de konklúzje wêze dat ek dizze hearen gjin virolooch binne. Mar wól wer in moai lyts kertierke legedruk waarpraat yn dizze nije ôflevering fan de PietCast, in soad wille by it belústerjen derfan!
Winterstoarmen, simmerbannen, ekstremen, Piet Op1 en hoe giet it by Max Piet? (#23)
2020/02/15
It earste kertierke waarpraat online mei Piet fan 2020. Noflik? Jawis! Utspraken? Ja ek: 'As de waarme Golfstream yn de oseaan omdraait ferwachtsje ik net binnen sân, mar binnen fiif jier in Alvestêdetocht'. En Piet is tenei ien kear yn de moanne te gast by de talksjo Op1 mei eftergrûnen by it waar. Piet Paulusma yn in nij legedrukgebiet op ynternet: PietCast #23!
Piet to the MAX! (#22)
2019/12/11
'Hoe koe dat no útlekke man?' Fraach 1 fan Wim Brons oan Piet en sa hawwe we it yn dizze PietCast 22 fral oer de oerstap fan Piet nei NPO1, MAX. En in ietsiepietsie oer de winter. 'Is it te myld?' Nee, seit Piet, en it wurdt wat kâlder mar garânsjes op in wite Kryst komme der seker net. Stay tuned foar wer in kertierke prima waar- en mediapraat yn dit stasjonêre legedrukgebiet op ynternet: de podcast mei Piet Paulusma!
Winter 2019/20: Hoe komt it Piet? (#21)
2019/10/25
Us waarman Piet Paulusma hat syn ljocht skine litten oer de kommende winter yn syn earste winterfoarsizzing. Yn dizze nije PietCast, de podcast fan Piet, praat Wim Brons der mei him oer troch. Spoilerke: It wurdt kâlder én wikselfalliger as oare winters. Mar hear wer nei in goeie tsien menúten ûntspannen waarpraat yn dit legedruk gebiet op ynternet: de PietCast!
Ekstreme simmer troch klimaatferoaring en it klimaatbelied (#20)
2019/08/30
Sa'n bytsje oan de ein fan dizze simmer is it tiid om Piet Paulusma wer ris even op te sykjen foar de PietCast. Yn Harns praat Wim Brons yn de tweintichste edysje fan de podcast mei Piet oer it útkommen fan syn simmerfoarsizzing. Ek hawwe beide mannen it oer it feroarjende klimaat en oer Piets twivels of alle feroaringen wol troch CO2 komme. En is der neffens Piet wol genôch draachflak foar alle maatregels dy't no op stapel steane? Fierder steane de ûnderwerpen tonger en bliksem op it programma en fansels wol Wim fan Piet witte hoe't it stiet mei 'de kopkes kofje mei mediabazen'. In lyts heal oerke ûntspannen waar- en klimaatpraat yn it lege drukgebiet op ynternet yn de tweintichste PietCast. Reaksje of fraach? Graach! We komme derop werom. Maile kin nei Wim Brons
Podcast reviews
Read PietCast podcast reviews
Podcast sponsorship advertising
Start advertising on PietCast relevant audience podcasts
You may also like to advertise on these Podcasts

4.62704923
Earth Ancients
Cliff Dunning

4.62401999
The Generations Radio Program
The Generations Radio Program

4.715181993
Thrivetime Show | Business School without the BS
Clay Clark

4.92108456
Chilluminati Podcast
Chilluminati Podcast

4.72271247
The BradCast w/ Brad Friedman
Brad Friedman

4.91205840
Heaving Bosoms
Heaving Bosoms Productions, Bleav

4.2643546
Spiegel & Holmes Show
Audacy

4.8278568
Hochman, Crowder & Solana
Audacy

4.72312000
법륜스님의 즉문즉설
JUNGTO

4.84021115
The Contractor Fight with Tom Reber
Tom Reber