
Advertise on podcast: Buro de Vries (Podcast)
This podcast has
375 episodes
Language
DutchPublisher
Omrop FryslânExplicit
No
Date created
2017/08/07
Latest episode
2026/10/18
Average duration
25 min.
Release period
15 days
Description
Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten of in ferrassend petear. Buro de Vries nimt je gemoedlik mei de djipte yn. Buro de Vries fynst yn dyn podcastapp en op Spotify.
Unlock Buro de Vries (Podcast) podcast Email contact info,
Listeners & Audience details
Email contact information
Direct podcast contact details

Listeners
Audience numbers & engagement insights

Audience details
Podcast Insights

Podcast episodes
Check latest episodes from Buro de Vries (Podcast) podcast
Yntergerasjoneel trauma: In trauma dat troch generaasjes hinne giet
2026/10/18
In yntergenrasjoneel trauma. Slavernij, oarloch, earmoed, swijen, misbrûk, drank..... Ek al is it generaasje lyn, it kin noch altyd ynfloed ha op it hjir en no. Dan komt der skuld en skamte om de hoeke sjen en rinne minsken fêst. Pier 21 makket der de foarstelling 'Wat spilet" oer. Miranda Werkman tekene trije persoanlike ferhalen en prate mei saakkundigen yn dizze audiodokumintêre.
It wetter op mei Fryske influencers
2026/10/04
Mei in sloepke op jûntiid troch de Alde Feanen. Fan maaie oant septimber nimt skipper Ulbe Postma minsken mei nei dizze bysûndere wetterwrâld, mar dan yn it tsjuster. It Buro stapte yn Earnewâld oan board foar de lêste tocht fan it seizoen. Ferslachjouwer Klazina Hofstee wie net allinnich, yn de sloep siet al in bûnt selskip fan Fryske influensers. It is harren jierlikse útstapke, mei skipper Ulbe farre troch de nacht...
De thermometer yn de mienskip: Harns, Harich en De Harkema...
2026/09/27
Wat hâldt jo út 'e sliep? Mei dy fraach giet Buro de Vries sa no en dan de provinsje troch. Dan komme der gjin politisi, bestjoerders of oare pommeranten oan it wurd, mar gewoane Friezen, dy't miskien wol njonken jo wenje. Ditkear binne we op'n paad yn Harns, Harich en De Harkema...
Jaap Stiemer oer de Herman Brood Tapes
2026/09/20
It is alwer 25 jier ferlyn dat Herman Brood ferstoar, mar hy is noch altyd ien fan de bekendste rock 'n roll sjongers fan ús lân. Brood soe dit jier 80 wurden wêze. Reden genôch foar sjoernalist en Brood-saakkundige Jaap Stiemer om in podcast oer syn moetings mei Brood te meitsjen: 'De Herman Brood tapes.' Fjouwer kear hat de fan Drachten ôfkomstige Stiemer him ynterviewd. Klazina Hofstee socht Stiemer op yn syn wenplak Hoorn. De stikjes ynterviews Mei Herman Brood komme fan âlde kassettebantsjes, en binne better fersteanber makke mei AI.
Femiside: As de fraach 'wêrom giest net by him wei?' te ienfâldich is
2026/09/13
'Anna' (net har echte namme) sit achttjin jier lang yn in relaasje fan yntym terreur. Alle dagen wie der geweld: fysyk en emosjoneel. Se wist der út te kommen, mar dat hat lang duorre en se ûnderfynt noch altyd de gefolgen. Miranda Olivier waard tolveënheal jier lyn fermoarde troch har partner. Har sus Lena set har no yn om femiside op de agenda te krijen. Se is foarsitter fan de federaasje fan geweldslachtoffers. Beide froulju fertelle oer yntym geweld en de reade flaggen.
Buro de Vries, petear oer previnsje suiside
2026/09/06
Sjoch nei mekoar om en praat deroer. Dat is it boadskip oan ús allegear. As it giet om selsdeading(suïside) falt it faak stil. Der leit in taboe op it ûnderwerp. Dat moat derôf, sizze Bruno Rummler, Sjoerd Klaas Steegstra en professionals Esther Hoekstra en Marianne Poelman. Dizze wike is de suïsideprevinsjewike. Omtinken foar it tema is tige wichtich fine de fjouwer.
It simmerpetear mei Mirka Antolovic
2026/07/05
Se wie in famke fan 11 doe't ynienen de koffers pakt waarden en Ljouwerter (eks) riedslid Mirka Antolovic op de flecht moasten. Se wenne mei har mem yn Kroaasje yn in lyts doarp. Fia omswalkingen kaam de jonge Mirka mei har mem earst yn Limburg telâne. Foar har stúdzje ferhuze se nei Ljouwert en bleaun hjir. Want ien dy't samar fuort moat út eigen omjouwing wurdt letter faak honkfêst seit se. It oarlochsgeweld is fansels traumatysk. Mar dat samar út je omjouwing rukt wurde is noch folle slimmer seit de direkteur fan Tûmba. Dat fertelt se yn in langer petear mei Simone Scheffer fan Buro de Vries.
De thermometer yn de Fryske Mienskip: wat hâldt Friezen út 'e sliep?
2026/06/21
Wat libbet der ûnder de minsken yn Fryslân? It Buro fernimt dêr sa no en dan nei troch op ferskate plakken de dyk op te gean. Dit kear stekke we de themometer yn Surhústerfean, Bakkefean en It Hearrenfean om te fernimmen wat har út de sliep hâldt .....
Jan Buruma en syn bisûndere bân mei Oekraïne
2026/06/14
Fries om útens Jan Buruma oer syn bisûndere bân mei Oekraïne...
Allardseach: Wybren van Os groeide der op en fertelt der oer
2026/05/31
De heit fan Wybren van Os wie jierren lang praktysk wurklieder en behearder by de Folkshegeskoalle Allardseach ûnder Bakkefean. Hy wenne ek mei syn húshâlding op it terrein. Soan Wybren van Os (1955) nimt it Buro mei op 'n paad oer it terrein en fertelt it ferhaal fan Omke Jarig en wat der efter wei kaam...
It swarte gat fan Alyda
2026/05/10
Wa bin ik noch? Wa sit der noch op my te wachtsjen? En is der eins wol plak foar my yn dizze wrâld? It wiene de grutte fragen fan âld paralympysk hurdfytster Alyda Norbruis út Oerterp. Se hat swiere jierren hân dêr't depresje en swarte dagen har libben behearsken. Nei in suksesfolle karriere mei in bulte wrâldtitels en Olympysk goud kaam se fan de ien dei op de oare thús te sitten. Har ferhaal oer in inkswarte perioade.
Weromsjen op Tsjernobyl
2026/04/19
Op 26 april 1986 fynt de grutste kearnramp yn ús skiednis plak. Der is in eksploazje yn de kearnsintrale yn it doe noch Russyske Tsjernobyl. Der brekt brân út en in grutte radio-aktive wolk komt frij, dy't oer in grut part fan Europa hinne lûkt. Ek yn Fryslân fiele we de gefolgen fan dy ramp. It Buro sjocht werom op de ramp by Tsjernobyl mei in strielingsdeskundige, in fotograaf en in pleechgesin fan Russyske bern.
Weromsjen op de útbraak fan tongblier yn Fryslân, 25 jier lyn
2026/04/16
Op 10 april 2001 wie it ek yn Fryslân safier: op in bedriuw yn Ie waard tongblier konstatearre en in dei letter barde itselde op in bedriuw yn Eanjum. Tongblier is in tige besmettelike sykte foar kij, skiep, hynders, bargen en geiten. Tûzenden kij binne doe dea makke om fersprieding fan it firus foar te kommen. Douwe Boersma wie doe sjoernalist hjir by de Omrop en wenne yn it troffen gebiet. Hy is te gast. En ek LTO bestjoerde Jan Teade Kooistra en lektor Dier en Gezondheid Wiepk Voskamp fan Hegeskoalle Van Hall Larenstein komme oan it wurd oer tongblier doe én no.
Peaskesnein om 6 oere moarns nei tsjerke want dat is de tiid dat it fan tsjuster wer ljocht wurdt
2026/04/05
Wer't foar in soad minsken Peaske bestiet út it sjen nei the Passion, it iten fan sûkelarje-aaikes, it skilderjen fan hinneaaien en it meiïnoar genietsjen fan in peaske-brunch, is dat foar de kleasterlingen op Nijkleaster hiel oars. Nijkleaster is in - sa't inisjatyfnimmer Hinne Wagenaar it omskriuwt - nij monastyk projekt, werby't besocht wurdt om op in moderne wize de âlde wiisheid fan it kleasterlibben wer opnij klinke te litten. De kearnwurden dêrby binne stilte, besinning en ferbining. Hinne Wagenaar fertelt oer de betsjutting fan Peaske foar him persoanlik en oer hoe't der yn it moderne kleaster Peaske fierd wurdt.
Johan Wagenaar oer genealogy
2026/03/29
Fan wa bisto der ien? Dy fraach is de kearn fan genealogysk ûndersyk. Wa binne dyn foarâlden? Buro de Vries praat mei Johan Wagenaar, eigener fan histoarysk ûndersyksburo 'It Alders Erf", oer syn leafde foar stambeamûndersyk. En dûkt mei him it ferline yn.
Podcast reviews
Read Buro de Vries (Podcast) podcast reviews
Podcast sponsorship advertising
Start advertising on Buro de Vries (Podcast) relevant audience podcasts
You may also like to advertise on these Podcasts

4.5185359
Who, When, Wow!
Tinkercast | Wondery

4.6688361124
Armchair Expert with Dax Shepard
Armchair Umbrella

4.9554522199
The MeidasTouch Podcast
MeidasTouch Network

4.639655
Only Murders in the Building Podcast
Straw Hut Media

4.7832520
The Home Service Expert Podcast
Tommy Mello: $200 Million Founder|Forbes, Inc., Entrepreneur Columnist

4.443561366
Something You Should Know
Mike Carruthers | OmniCast Media

4.7906254
Everything is Fine
Jennifer Romolini and Kim France

4.610889578
Serialously with Annie Elise
Annie Elise & Audioboom Studios

4.41171483
The Outlier Health Podcast
Matt Frazier, Matt Tullman, Isabelle Caputo, and Doug Hay

4.616198363
Giggly Squad
Hannah Berner & Paige DeSorbo