1481590612
Boekekast

Advertise on podcast: Boekekast

Categories
Country
Netherlands
This podcast has
31 episodes
Language
Dutch
Explicit
No
Date created
2019/09/27
Latest episode
2022/05/08
Average duration
28 min.
Release period
48 days

Description

Boekekast fan 2022 slút oan by it projekt Útsteld Gelok/Uitgesteld Geluk fan Ljouwert UNESCO City of Literature. Dat binne 100 ferhalen, foarlêzen yn 100 paradyslike tunen yn Fryslân. Boekekast bringt acht ferhalen as podcast, mei dêrby in ynterview fan Karen Bies mei de skriuwer. Sjoch ek op www.uitgesteldgeluk.nl

Unlock Boekekast podcast Email contact info,
Listeners & Audience details

Email contact information

Direct podcast contact details

Listeners

Audience numbers & engagement insights

Audience details

Podcast Insights

Podcast episodes

Check latest episodes from Boekekast podcast


Boekekast 2022-1 Bart Kingma, 'Fjoerseelân'
2022/05/08
'Sa hearden hja alle dreamen fan elkoar, geef, gol en glei. It wûn de minsken op. It duorre net lang of se hienen meielkoar in kompleet loftkastiel skepen, dat se sabeare bouden op it eastlike heuveltsje yn see dêr't se mei kleare loft op útseagen. Elk waard der fleurich fan. Rillegau begûnen se plannen te smeien om nei it eilantsje ôf te stekken en dêr har dreamen wier te meitsjen.' Yn Fjoerseelân beskriuwt Bart Kingma in lytse groep minsken dy't oerbleaun is neidat de see it lân oerstreamd hat. Om net allinnich te oerlibjen, mar om dat libben ek de muoite wurdich te meitsjen, sykje se nei langstme en eangst. De podcast Boekekast slút yn 2022 oan by it projekt Útsteld Gelok (Uitgesteld Geluk) fan Ljouwert UNESCO City of Literature. 100 ferhalen, op 100 dagen foarlêzen yn 100 paradyslike tunen yn Fryslân. Acht fan dy ferhalen binne te belústerjen yn Boekekast, mei in koart ynterview mei de skriuwer.
Boekekast 2022-2 Berber Bouma, 'Wjukken'
2022/05/17
'Op 'e moaie dagen kaam Lútzen by har lizzen, socht in plakje yn har hals. Earst fielde it kribeljen fan de fearkes tsjin har hûd frjemd oan, mar it waard al gau eigen. Lútzen fertroude har, woe by har wêze en sy hie wer ien om har leafde oan te jaan.'   Berber Bouma skreau it koarte ferhaal 'Wjukken', oer in frou dy't har man ferlern hat. De frou siket tenei leafde en gelok by har parkyt. It ferhaal wurdt foarlêzen troch Tet Rozendal.    Boekekast fan 2022 slút oan by it projekt Útsteld Gelok/Uitgesteld Geluk fan Ljouwert UNESCO City of Literature. 100 ferhalen, foarlêzen yn 100 paradyslike tunen yn Fryslân. Boekekast bringt acht ferhalen as podcast, mei dêrby in ynterview fan Karen Bies mei de skriuwer.
2022-3 Nicole van den Berg, 'Gemeenschapsgrond'
2022/05/27
'Ik heb een lange dag. Het is tuincontrole.' 'Waarom moet jij dat weer doen? Gaat er iemand mee?' vroeg ze. 'Nee, het is maar een kleine wijk.' 'Maar ook een slechte wijk.' Zijn vrouw klikte de broodtrommels dicht met extra venijn. Dat deed ze altijd als ze bezorgd was.  Nicole van den Berg skreau it koarte ferhaal 'Gemeenschapsgrond', oer in amtner dy't tidens syn wurk yn gesprek komt mei in bewenner fan wa't de tún nedich opromme wurde moat.  It ferhaal wurdt foarlêzen troch Anna Raadsveld.  Boekekast fan 2022 slút oan by it projekt Útsteld Gelok/Uitgesteld Geluk fan Ljouwert UNESCO City of LIterature. 100 ferhalen, foarlêzen yn 100 paradyslike tunen yn Fryslân. Acht fan dy ferhalen komme yn de podcast Boekekast, mei dêrby in ynterview fan Karen Bies mei de skriuwer. 
2022-4 Sietse de Vries, 'Parkeare yn it paradys'
2022/05/30
  Patrick joech him op 'e leuning fan de túnbank del en sei: 'As ik it goed begrepen ha, is it oan ús om út te finen wat der noch oan dit rikeljusplak ûntbrekt om der in paradys fan te meitsjen. En dêr binne wy folslein eigen baas yn.' Ik knikte. 'Dat is wêr't it yn dit eksperimint om giet: sjen hoe moai de wrâld wurdt as seis jonge minsken dy nei eigen goedtinken ynrjochtsje.'   Sietse de Vries skreau it koarte ferhaal 'Parkeare yn it paradys', oer in groep jongeren dy't de baas wurdt fan in grutte filla mei tún, kas en beamtegrien. It ferhaal wurdt foarlêzen troch Sjoerd van Beem. Boekekast fan 2022 slút oan by it projekt Utsteld Gelok/Uitgesteld Geluk fan Ljouwert UNESCO City of Literature. 100 ferhalen, foarlêzen yn 100 paradyslike tunen yn Fryslân. Yn Boekekast 8 ferhalen, mei dêrby in ynterview fan Karen Bies mei de skriuwer.
2022-5 Welmoed Wijma, Rozijnenbrood met brandnetelkaas'
2022/06/10
De geheime etenswaren in mijn la leken een warm licht af te geven. Als ik 's avonds in het donker in slaap probeerde te komen, ingesnoerd door veel te strak gespannen lakens, dacht ik aan het rozijnenbrood en de brandnetelkaas. Was dit misschien wat Adam en Eva ervoeren, nadat ze hadden gegeten van de verboden vrucht? Werden ze verdreven uit het paradijs of voelden ze zich er niet meer thuis nu ze onderscheid konden maken tussen goed en kwaad?  Yn it ferhaal 'Rozijnenbrood met brandnetelkaas' beskriuwt Welmoed Wijma hoe't sy foar de earste kear lokkich wurdt fan it priuwen fan hearlik iten. It is de wûnderlike smaak fan in oare, nije wrâld.  It ferhaal wurdt foarlêzen troch Suzanne van Zwam. Boekekast fan 2022 slút oan by it projekt Utsteld Gelok/Uitgesteld Geluk fan Ljouwert UNESCO City of Literature. 100 ferhalen, foarlêzen yn 100 paradyslike tunen yn Fryslân. Yn Boekekast 8 fan dy ferhalen, mei in ynterview fan Karen Bies mei de skriuwer.
2022-6 Nyk de Vries, 'Sille wy in spultsje dwaan?'
2022/06/12
It gebeurde wol faker, dat ik te lang mei wat trochgie. 'Sille wy in spultsje dwaan,' hie ien sein, healweis dy sneintemiddei, yn dy lytse studintikoaze keamer oan de Fiskmerk.  'Wa't it langst stil wêze kin.' It doel wie fansels om de bern kalm te krijen, dy't mar omtjirgen en al twa glêzen omgoaid hienen. It begjint mei in spultsje. Mar de ik-persoan út it ferhaal fan Nyk de Vries, in jonge frou, giet troch, bliuwt swijen, jierrenlang. 'Sille wy in spultsje dwaan?' wurdt yn Boekekast foarlêzen troch Nynke Heeg.  De podcast Boekekast slút yn 2022 oan by Útsteld Gelok/Uitgesteld Geluk fan Ljouwert UNESCO City of Literature. 100 ferhalen, foarlêzen yn 100 paradyslike tunen yn Fryslân. Acht fan dy ferhalen binne te hearren yn Boekekast, mei dêrby in ynterview fan Karen Bies mei de skriuwer. 
2022-7 Koos Tiemersma, 'Fan bosk en iepen fjild'
2022/06/16
Lykas de rûzjende beek yn 'e djipte meänderet de werklikheid achter harren oan, it oantinken oan wat west hat, fongen yn it ljocht fan in sinne dy't sûnt jier en dei smoart yn it wolketek dat de ierde omklammet, in beroete each, dat de trije flechtlingen kinne amper sjen wêr't se har fuotten delsette moatte.  Yn it ferhaal 'Fan bosk en iepen fjild' folget skriuwer Koos Tiemersma trije klimaatflechtlingen op har paad nei... ja, wêrhinne? Is der noch hoop? Ien fan harren, Tiede, fertelt ferhalen, wittend dat sûnder foarútsjoch de minske ferlern wêze sil. In fertelling as tsjingif.  It ferhaal is foarlêzen troch Sjoerd Bottema. Boekekast wurdt makke troch Karen Bies yn oparbeidzjen mei it projekt 'Uitgesteld Geluk' fan Ljouwert UNESCO City of Literature. 
Boekekast #1: 'Old school', in ferhaal fan Hilda Talsma
2020/11/07
'Wêrom giet mem net op Tinder?' freget Brecht. Mar dêr sit Pytsje net op te wachtsjen. En se wol ek net nei 'First Dates'. Dy moderne dating-metoaden, neat foar har. Mar dan fynt se har âlde poezyalbum werom, mei dêryn de namme fan in geheime jeugdleafde. Dan lûkt Pytsje de stoute skuon oan. It ferhaal 'Old School' is skreaun troch Hilda Talsma en wurdt foarlêzen troch Nynke Heeg. Hilda Talsma (1971) hat tal fan romans op har namme stean, ek skreau se in berneboek, toanielteksten en se is kollumniste by Omrop Fryslân.
Boekekast #2: 'Trije Friezen en in Turk', in ferhaal fan Ferdinand de Jong
2020/11/14
Mei in plof lit Auke him op it bankje falle. Op syn fêste plak, it fierste hoekje. Dêr set er de soerstofflesse njonken him op de grûn. Hy sjocht even op de mjitter, de wite izeren buis sit noch trijekwart fol. Krekt as op de measte dagen is er earst. Dat komt moai út, want dan kin er even bykomme fan de reis op syn scootmobyl. It ferhaal 'Trije Friezen en in Turk' is skreaun troch Ferdinand de Jong en wurdt foarlêzen troch Rein Tolsma. Ferdinand de Jong (1969) skreau seis romans en hy is kollumnist by Omrop Fryslân.
Boekekast #3: 'It moaiste', in ferhaal fan Piter Boersma
2020/11/21
Libbe siet op 'e bank en seach nei de swarte kroltsjes fan syn pakesizzer. It jonkje siet al in healoere by him op 'e skoat en hie de tomme yn 'e mûle. Der wie neat dat him en Roland mear nei 't sin wie as dit. It ferhaal 'It moaiste' is skreaun troch Piter Boersma en wurdt foarlêzen troch Rein Tolsma.  Piter Boersma (1947) is skriuwer, útjouwer en haadredakteur fan Frysk literêr tydskrift Ensafh.
Boekekast #4: 'Dûke, verdammt noch mal', in ferhaal fan Geart Tigchelaar
2020/11/28
As ik it lêste tsjil pak om oan it ûnderstel fêst te meitsjen, stiet myn soan Jacco ynienen yn 'e iepening fan 'e carport. 'Dus dochs?' freget er nei de bekende wei. 'Ja, dus dochs,' sis ik justjes nitelich, om't wy der al safolle wurden om smoarch makke hawwe. De ienmansûnderseeboat út 'e Twadde Wrâldoarloch fan it Dútske type Biber is in erfskip fan ús heit, dy't der doe mei fearn hat. It ferhaal 'Dûke, verdammt noch mal' is skreaun troch Geart Tigchelaar en wurdt foarlêzen troch Thijs Feenstra. Geart Tigchelaar (1987) is oersetter, skriuwer en dichter.
Boekekast #5: 'Lost in Translation', in ferhaal fan Jetske Bilker
2020/12/05
Op it sollisitaasjepetear die bliken dat it om in oare baan gie. Dêr siet ik, yn myn moaie jurk en mei in earstegraadsfoech foar Frysk. Mar myn diploma's leinen by Frits. 'Wat sikest krekt yn 'e berne-opfang?' frege de jonge frou mei de reade hynstesturt. Ik wíe al oerkwalifisearre, mar dit senario hie my yn myn sliepeleaze nachten noch net wekker hâlden.  It ferhaal 'Lost in Translation' is skreaun troch Jetske Bilker en wurdt foarlêzen troch Nynke Heeg. Jetske Bilker (1960) is skriuwer, oersetter, resinsint en se jout kursussen kreatyf skriuwen.  

Podcast reviews

Read Boekekast podcast reviews


0 out of 5
0 reviews

Podcast sponsorship advertising

Start advertising on Boekekast relevant audience podcasts


What do you want to promote?